Minister wol appferbod op de fyts

De boete fan 140 euro foar appen op de fyts is djoer en it is de fraach oft it wol wurket. En Is der wol genôch plysje om it allegearre te kontrolearjen? Dat fine learlingen fan OSG Sevenwolden. Minister Schulz van Haegen wol in appferbod op de fyts ynstelle. Want ien op de fiif fytsûngelokken wurdt feroarsake as fytsers berjochten oan it typen en ferstjoeren binne.
De minister hat earder besocht om it gedrach fan fytsers te feroarjen, mar dat slagge net. Sa wie der de app Fietsmodus dy't learlingen yn Grou ek brûkt hawwe.
Appe kin thús ek wol
Vera fynt it net nedich om in telefoan op 'e fyts te brûken; "As ik thús bin, kin dat wol wer.". Jessica appt op 'e fyts as se allinnich is, want oars is it sa saai om te fytsen. Gina appt net, mar harket nei muzyk as se oan it fytsen is. "Ik set it dan oan, doch ien earke yn en dan stap ik op 'e fyts".
Belje op de fyts bliuwt wol tastien, mar dan mei earkes yn.