Petterhústerstate yn Stiens wint enerzjypriis

Wensoarchfoarsjenning Petterhústerstate yn Stiens is útferkeazen ta meast enerzjyopwekkende âlderensoarchgebou fan Nederlân. De ferkiezing wie organisearre troch De Nieuwe Draai. Dat is in ynternetplatfoarm dat ferhalen sammelet oer leefbere omjouwingen yn de breedste sin fan it wurd.
De sjuery is bot te sprekken oer hoe't Petterhústerstate opset is: krekt as thús. It is in fantastyske wenomjouwing foar demintearjende âlderen, seit de sjuery. Mei ek noch rom omtinken foar duorsumheid.
Petterhústerstate hat in waarmte- en kâlde-opslach yn de grûn, in sedumdak foar natuerlike isolaasje en it is net oansletten op it gasnet.
Ferslachjouwer Simone Scheffer hat in reportaazje makke yn Petterhústerstate. Moandei, tiisdei en woansdei is der yn Fryslân Hjoed in koarte rige oer it wurkjen yn de soarch te sjen.