Noardwâldster pear wennet sûnt oardel moanne yn auto

Sûnt 1 novimber wenje Theo en Diana Mennema fan Noardwâlde mei har twa hûnen yn harren auto yn de gemeente Steenwijkerland. Yn july binne se út har hierhûs yn Noardwâlde setten fanwegen oerlêst. Sels ûntkenne se dat der sprake wie fan oerlêst. De saak is ûnder de rjochter en der rint no in heger berop.
De famylje Mennema hat him yn augustus ynskreaun yn de gemeente Steenwijkerland. Dêr hawwe se earst op in camping wenne, mar dy is sûnt 1 novimber sletten.
It is in seizoenscamping en dat betsjut ek dat elkenien op 1 novimber ôfsletten wurdt fan wetter en stroom. Sûnt dy tiid wenje Theo en Diana Mennema yn harren auto. De gemeente Steenwijkerland hat yn in ferklearring sein, út te sykjen hoe't se de famylje no noch helpe kin. It is dan oan har as se de help en in mooglik begeliedingsproses akseptearje, seit de gemeente.