Fernielers kryststâl yn Ternaard melde harren

De earste fernielers fan de kryststâl yn Ternaard hawwe harren melden. Sy diene dit nei in oprop op sosjale media troch doarpsbelang en de tsjerke, de inisjatyfnimmers fan de stâl. In groep jongeren fernielde de stâl yn de nacht fan sneon op snein.
By it hûs fan de famylje Schoorstra yn de buert fan de stâl bûnzen de fandalen op de ruten en makken dy smoarch mei ôffal út de kontener fan de supermerk yn it doarp. Moandeitemiddei is der in petear mei de groep. Oanjefte by de plysje wurdt der foarearst net dien.
''Us bern binne bot skrokken doe't de jongeren moarns betiid by ús op de ruten bûnzen", seit Geertje Schoorstra. "We wolle mei de jongeren yn petear om te freegjen wêrom't se dit dien ha en dat dit net sa kin. We wolle harren ek freegje om mei te helpen de skea oan de kryststâl te werstellen.''