VV Jobbegea begjint wedstriid mei earbetoan oan Ids Douma

© Srfotografie
De fuotbalwedstriid tusken VV Jobbegea en VV Drachten yn de tredde klasse is sneintemiddei begûn mei in emosjoneel earbetoan oan Ids Douma. De 22-jierrige spiler fan VV Jobbegea ferstoar op 21 novimber nei't er de jûns derfoar mei de auto tsjin in beam botste. De bestjoerder fan de auto, in oare spiler fan de klup, rekke swier ferwûne. Foar Jobbegea wie it de earste wedstriid nei it ûngelok.