Bergsma pakt goud op 10 kilometer by wrâldbeker yn Thialf

Jorrit Bergsma hat snein de 10 kilometer wûn by de wrâldbeker reedriden yn Thialf op It Hearrenfean. De reedrider út Aldeboarn pakte it goud yn in tiid fan 12.52.20. It sulver wie foar Erik-Jan Kooiman, hy ried de ôfstân yn in persoanlik rekôr fan 12.57.92. Wrâldrekôrhâlder Ted-Jan Bloemen slagge der net yn ûnder de trettjin minuten te finishen en waard tredde yn 13.00.07.
Grutte ôfwêzige op de 10 kilometer en de earste wrâldbeker yn it fernijde Thialf wie Sven Kramer. Hy joech de foarkar oan in trainingskamp yn it Italiaanske Collalbo.
Bergsma wie út 'e skroeven mei syn oerwinning. "Dizze like der wer op. It hat in skoft lyn west dat ik in 10 kilometer wûn, dus dizze wie mear as wolkom!"