Jonge (17) sûnder rydbewiis rjochtút op rotonde De Jouwer

De Jouster rotonde út de loft © Omrop Fryslân
In jonge fan 17 jier is sneontenacht om twa oere hinne mei in auto op it middenterrein fan de rotonde fan De Jouwer bedarre. De jonge bestjoerder hie gjin rydbewiis en op de auto sieten gjin kentekenplaten. Hy ried oer de A7 fan It Hearrenfean nei De Jouwer. De jonge is oanholden en de auto is fuortsleept.