Brabanner automobilisten ride stomdronken Frjentsjerter klem

© ANP
In dronken automobilist út Frjentsjer is yn Vught oanholden. Hy hie mear as fjouwer kear safolle dronken as tastien, meldt Omroep Brabant. Hy ried yn it sintrum fan Den Bosch, ramde earst hast in stopljocht, ried op de ferkearde kant fan de dyk, kaam heal op de middenberm fan in rotonde terjochte.
Oare automobilisten hawwe him klemriden foardat hy by Vught de A2 opgean koe. Se hawwe him de autokaaien ôfpakt en de plysje belle. De man joech ta dat er dronken hie en dat er ûnderweis wie nei hûs, nei Frjentsjer.