Skylge siket mei man en macht nei fermiste man

De haven fan Skylge by nacht © Sytse Schoustra
Op Skylge binne sneintemiddei goed santich minsken op syk nei de fermiste Tom Kok (63). Hy wurdt sûnt freed fermist. Sneon ha 150 minsken nei him op syk west, mar dat hat doe neat opsmiten. Fanwegen de mist koe de plysjehelikopter doe net helpe. Dy fleant no wol oer it eilân. Ek minsken fan de ruterferiening sykje mei.
Neffens de plysje kin it hast net oars, of Kok moat noch op it eilân wêze. Hy hat syn kaart foar de fearboat net brûkt.
In freon fan Kok seit dat er troch syn wurk by de VVV goed bekend is op it eilân. Hy wit presys hokker fakânsjehúskes en caravans leech steane, en wêr't de kaaien lizze.
Tom Kok is 1,75 meter lang, hy hat griis hier, in burdsje en in rûne bril. Minsken dy't de man sjoen ha, wurde frege mei 112 te beljen.