Fûgelhelling folslein op slot fanwegen fûgelgryp

De Fûgelhelling 'op slot' yn ferbân mei fûgelgryp © Omrop Fryslân. Remco de Vries
De Fûgelhelling yn Oerterp fangt fanwegen de fûgelgryp no earst hielendal gjin nije bisten mear op. Earder wie der al in opnamestop foar wetterfûgels ynsteld, mar it risico wurdt no te grut dat der besmette bisten binnen brocht wurde.
De Fûgelhelling wol foarkomme dat de fûgels dy't der al binne siik wurde, en dat dêrom alle bisten romme wurde moatte. Dan soe de Fûgelhelling foar langere tiid ticht moatte.