LDODK wint derby mei twa gesichten fan DOS'46

Yn de noardlike derby moasten de kuorballers fan LDODK it sneontejûn yn eigen hûs opnimme tsjin DOS’46 út Nijeveen. LDODK spile in izersterke earste helte en by it skoft stienen de Gordyksters mei 20-12 foar. Dat waard yn de twadde helte sels in ferskil fan 10 punten, mar doe begûn de oanfallende opmars fan DOS’46. Yn de slotfaze like it noch mis te gean, de Drinten kamen werom oant 25-22. De einstân waard úteinlik in swierbefochten oerwinning: 29-25. Troch de winst bliuwt LDODK twadde yn de kuorbal league, mei 8 punten út 5 wedstriden.
Oanfierder André Zwart hat as ynfaller syn earste minuten wer makke by LDODK. Zwart rekke in pear wiken lyn yn it útduel tsjin PKC blesseard oan de ljisk, mar is mooglik takom wike ynsetber tsjin lânskampioen TOP út Sassenheim. Tsjin DOS '46 skoarde Zwart ien kear.