Nij gefal fan fûgelgryp by Bollingwier ûntdutsen

© ANP
Yn de buert fan Bollingwier is sneon oan de ein fan de middei fûgelgryp ûntdutsen. Mei elkoar binne 27 deade smjunten romme út de feart De Paezens. Wetterskip Fryslân sil dêrom snein mei in team sykje nei deade fûgels yn it gebiet Bollingwier hinne. Dat is in buorskip by Easternijtsjerk yn de gemeente Dongeradiel.
Om fersprieding foar te kommen, slút It Fryske Gea de bûtendykse Peazumerlannen ôf foar publyk.
Meardere teams ha sneon oan it sykjen west nei deade fûgels yn de omkriten fan Ferwert, Boksum/Hilaard, Warkum/Drylts, Skylge en bûtendyks.
Mei elkoar binne sa'n 150 fûgels fûn. Moandei siket it team fierder yn dizze gebieten. Snein is in team paraat om by meldingen fan mooglike útbraken fan fûgelgryp fuort romje te kinnen.