Oerfaller oanhâlden troch plysje mei lutsen pistoalen

© ANP
In 53-jierrige Ljouwerter is freedtemoarn troch de plysje mei lutsen pistoalen oanhâlden. De man hie earder op de moarn de meiwurkster fan in tankstasjon oan de Valeriusstrjitte mei in bierfleske bedrige. Hy easke jild, mar de meiwurkster wegere dat te jaan. De man stiel wat guod en naaide út.
Mei help fan it sinjalemint en kamerabylden kaam de plysje der efter wa't de man wie. Se hawwe him by syn hûs oanhâlden. Om't de man oanjûn hie dat er in fjoerwapen hie, die de plysje dat mei lutsen pistoalen. Der is gjin fjoerwapen fûn.
De man sit fêst foar fierder ûndersyk.