VC Snits set Quinta Steenbergen yn tsjin Sliedrecht

Follybalster Quinta Steenbergen © ANP
Follybalster Quinta Steenbergen kin sneon meispylje mei VC Snits tsjin koprinner Sliedrecht. Steenbergen traint al in skoftsje mei Snits mei, omdat se gjin klup hie, mar se is no ek ynsetber foar wedstriden. Se kaam foar it lêst yn aksje op de Olympyske Spelen yn Rio. Dêr waard se fjirde mei it Nederlânsk team. Ferline seizoen spile se by Prostejov yn Tsjechië. Mei dy klup waard se kampioen.