Súdwest-Fryslân hat 2000 lantearnepeallen mei LED-lampen

© Gemeente Súdwest-Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân hat oant no ta LED-lampen ynstallearre yn 2000 lantearnepeallen. Dit neijier wiene 550 lantearnepeallen oan bar. De gemeente hat noch wol efkes te gean, want it hat sa'n 16.000 peallen yn behear.
Súdwest-Fryslân is twa jier lyn begûn mei it ferfangen fan de lampen troch LED-ferljochting. Dit smyt in enerzjybesparring op fan 60 prosint. Boppedat, meldt de gemeente, fine minsken it LED-ljocht feiliger as it eardere (giele) lampeljocht.