Njoggentjin nije enerzjysunige hierwenten yn Akkrum oplevere

Wenningbouferiening Elkien leveret freed 19 enerzjysunige hierwenten op yn Akkrum. De nije huzen yn de wyk Sinnebuorren hawwe gjin fossile brânstoffen nedich foar de ferwaarming, der is sels gjin gasoansluting. Dat betsjut dat de bewenners itensiede moatte mei in ynduskjeplaat of elektrysk. Elkien fynt de huzen in foarbyld foar de takomst, omdat de gasfoarried net ûneinich is.
Der lizze sinnepanielen op it dak en de huzen binne ek foarsjoen fan flierferwaarming. De huzen hawwe gjin radiatoaren.
As de bewenners goed mei de enerzjy fan de sinnepanielen omgean, hoege se gjin stroom mear te keapjen fan in enerzjybedriuw, seit Helga Hoornveld fan Elkien. De wenningboukorporaasje ynvestearret in soad yn duorsume keap- en hierwenten. De huzen yn Akkrum binne de alderearste hierwenten fan Elkien sûnder gasoansluting.