KNRM siket nije lifeguards foar Fryske Waadeilannen

De KNRM is foar de simmer fan 2017 op syk nei nije lifeguards foar de strannen fan Skylge, Flylân, It Amelân en Skiermûntseach. Der binne mei-inoar hast hûndert minsken nedich foar de alve strânposten. Sy hâlde tafersjoch op en by it wetter by gebieten dy't mei flaggen markearre binne.
Dêrbûten is gjin permanint tafersjoch, mar kinne de lifeguards wol yn aksje komme as dat nedich is. Om oan geskikte lifeguards te kommen, hâldt de KNRM op twa dagen in seleksje. Minsken dy't selektearre wurde, krije letter noch in oplieding fan in wike.
De KNRM Lifeguards kamen dizze simmer mei-inoar mear as 1700 kear yn aksje, benammen foar lytse EHBO-saken, lykas kwallebiten. Yn 36 gefallen moast der in ambulânse of helikopter oan te pas komme. Dêrneist moast der 29 kear in swimmer of wettersporter út it wetter rêden wurde. Gadingmakkers foar de funksje fan lifeguard kinne har hjir oanmelde.