Marit Bouwmeester wreidet foarsprong yn Melbourne fierder út

Marit Bouwmeester © Richard Langdon
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat freed in superdei hân by de wrâldbekerfinale yn Melbourne. Se wûn beide races. Dêrtroch wreide se har foarsprong yn it algemien klassemint op nûmer twa Anne-Marie Ringdom út Denemarken noch fierder út.
Tongersdei koe der net syld wurde fanwegen in stoarm. Dêrtroch hawwe de Laser Radial sylsters oant no ta seis races hân. Bouwmeester einige yn alle races by de earste twa. Sneon wurdt der ek noch syld, snein is de medaljerace.