It Hearrenfean hat grutste ynstallaasje foar grien gas

Op it terrein fan ôffalferwurker Omrin op It Hearrenfean wurdt freed troch Prins Carlos de grutste griengasynstallaasje fan de Benelux offisjeel yn gebrûk naam. De ynstallaasje set biogas om yn grien gas. En dat kin fia it gasnet, krekt as ierdgas, brûkt wurde troch de konsumint.
De ferwurking ta grien gas jout in folle heger rendemint as biogas. Dat wurdt allinnich brûkt foar de opwekking fan elektrisiteit. De nije ynstallaasje kin sa'n 10.000 húshâldens fan gas foarsjen.
Yn de praktyk sil it brûkt wurde foar it autopark fan Omrin en troch huzen en bedriuwen yn de omjouwing.