Hieltyd mear dakleaze jongeren yn Fryslân

Der binne hieltyd mear dakleaze jongeren yn Fryslân. Fjouwer jier lyn wienen it der noch twahûndert, mar ferline jier is dat oantal tanommen oant trijehûndert. Guon fan har komme terjochte yn de krisisopfang fan Zienn yn Burgum. Neffens regiohaad Sjoerd Woudstra rinne jongeren tsjin ferskate problemen oan. ''Se hawwe benammen problemen mei de finansiering, mei de stúdzjebeurs of harren papieren'', sa seit er. ''De jongeren hawwe gjin ûnderdak en sitte yn de skulden.''
Yn de krisisopfang yn Burgum is plak foar tsien jongeren. Mar dat is eins te min. Yn de praktyk komt it dêrom faak foar dat jongeren tegearre mei senioaren yn in opfanglokaasje sitte. ''Dat is net sa winsklik'', seit Woudstra. ''It is better as jongeren apart fan âlderen opfongen wurde. Organisaasjes lykas de gemeenten moatte better gearwurkje om bettere opfang te realisearjen.''