'Concept-battle' yn Ljouwert foar lês- en skriuwproblemen

Mingde teams fan minsken dy't min lêze en skriuwe kinne en saakkundigen moatte oparbeidzje om it probleem fan 'laaggeletterdheid' besprekber te meitsjen. Bedriuwen lykas soarchfersekerders moatte it ek foar dy groep makliker meitsje om kontakt mei har te sykjen. It is it winnende idee fan de saneamde 'concept-battle', in wedstriid om út alderhande hoeken wei ideeën te generearjen.
Ambassadeur
Minsken mei in briljant idee om wat te dwaan oan 'laaggeletterdheid' wiene wolkom om dat yn te bringen. De reade tried by hast alle ideeën wie om minsken dy't net goed lêze of skriuwe kinne en dêroer doare te praten yn te setten as soarte fan ambassadeur.
Ien fan de dielnimmers, Tineke Leyten, kin sels min lêze en skriuwe. Sy fynt dat de oplossing op de basisskoallen leit. Dêr kinne je bern ekstra les jaan. Dy kâns hat sy nea hân en dêr hat se no noch altyd lêst fan. Tineke is no aktyf as taalambassadeur en wol minsken helpe de problemen oan te pakken.
Lân fan Taal
De jûn wie in inisjatyf fan Ljouwert KH2018 en Lân fan Taal. Mei help fan bûten wolle sy sjen oft se wat dwaan kinne oan it hege tal minsken yn Ljouwert dat net goed lêze of skriuwe kin. Dat binne der nei skatting al gau 10.000.