Strân by Harns krijt takom jier ek wer in ponton

De driuwende pier © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
It strân by Harns krijt ek takom jier wer in ponton, as it oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders leit. Dizze simmer lei der foar it earst in driuwende steger, om badgasten fan it strân nei it wetter te lieden.
It gong doe om in needoplossing, om't der in protte oerlêst troch slyk wie. Dêrtroch sakken minsken fuort en koenen se net by it swimwetter komme. De gemeente Harns nimt alle jierren maatregels tsjin it slyk, lykas it opheegjen fan it strân en it fuorthelje fan it slyk, mar dat wurke dizze simmer net goed genôch.
De oplossing mei it ponton foldie goed, meldt de gemeente. Wol hat bliken dien dat de steger te lyts wie en skeat er in kear los. Dêr wurdt foar takom jier nei sjoen. De gemeenteried mei him noch útsprekke oer it plan. Dat sil kommende maaitiid wurde.
Al jierrenlang binne der klachten oer slyk op it strantsje fan Harns. Dat slyk ûntstiet op it Waad en wurdt troch de wyn nei de kust blaasd. Wa't by Harns it seewetter yn wol, moat troch it slyk hinne en net elkenien fynt dat oantreklik. Boppedat rûkt it net altyd even fris.