FIDEO: Neiprate oer besite Steateleden oan Brussel

Ien kear yn 'e moanne docht Omrop Fryslân ferslach út Brussel wei. Fryske Steateleden krigen woansdei in rûnlieding yn it Europeesk Parlemint. Parlemintêr ferslachjouwer Onno Falkena wie derby. Hy praat yn de studio fan it Europeesk Parlemint yn Brussel nei mei deputearre Klaas Kielstra en Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik (CDA).
Mear ynformaasje oer de besite fan Provinsjale Steaten oan Brussel is te finen yn ús Europablog.