Provinsje docht ûndersyk nei brûken fan iepenbier ferfier
Der komt in grut ûndersyk nei it iepenbier ferfier. De provinsje wol ynsjoch krije yn hokker ferfiersmiddelen minsken brûke. Sjoen wurdt nei wat nedich is om mear minsken yn de bus te krijen. De ynwenners fan Sibrandabuorren, Tersoal en Easternijtsjerk krije in enkête. Ek wurde enkêtes ôfnommen yn de buslinen dy't de doarpen oandogge. De OV-chipkaartgegevens fan de ritten op dy tsjinsten wurde analysearre.
De útkomsten wurde brûkt by de oanbesteging fan it busferfier yn Fryslân dat ein 2020 plakfine sil.