Skriuwer Gerben Abma is ferstoarn

© Haye Bijlstra
Skriuwer Gerben Abma is moandei yn syn wenplak Amsterdam ferstoarn. Hy is 84 jier wurden. Yn syn studintetiid wie er al aktyf as skriuwer en publisearre er yn tal fan tydskriften. Hy skreau ek koarte ferhalen en gedichten. Yn boekfoarm debutearre er yn 1962 mei de roman 'De útfanhuzer'. De jierren dêrnei skreau Abma ferskate boeken op it mêd fan histoarje en streekskiednis.
Stúdzje
Gerben Abma waard berne yn Folsgeare. Hy studearre teology oan de universiteit fan Amsterdam, mar studearre ôf yn skiednis. Dêrneist hat er Frysk studearre. Hy stie lang yn Ljouwert en Snits foar de klasse as learaar skiednis en Frysk. Yn 1980 promovearre Abma oan de Vrije Universiteit fan Amsterdam. Hy hie, mei Klaas Jansma, de haadredaksje fan de 'Encyclopedie van het hedendaagse Friesland' (1975). Nei syn pensjoen gie er nei Amsterdam te wenjen, simmerdeis wie er syn twadde wente yn Starum.
Literêr klimaat
Abma hat altyd kritysk sjoen nei it literêre klimaat yn Fryslân, neffens him wie dy te bot nei binnen keard en moasten se mear en bettere kontakten ûnderhâlde mei benammen de Nederlânske literatuer. As oantrún dêrta rjochte er yn 1967 yn ’e mande mei F.S. Sixma van Heemstra en Josse de Haan it twatalige literêr tydskrift 'A-wyt' op. It tydskrift hat twa jier bestien. Yn de jierren santich wie Abma ek ien fan de inisjatyfnimmers fan de boekesutelaksjes.