Kollum: "Dúdlik"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
"As Jacques Monasch fan Snits in nije politike partij oprjochtet feecht Andries Bakker nei Amsterdam nei de presintaasje fan al dy Nieuwe Wegen. Mar as Jan Roos syn VNL partij afficheart hearre wy Friezen der inkeld wat fan foar de nasjonale stjoerders, as dy Roos teminsten net dronken is. En as Thierry Baudet syn GeenStijl delset bin we der likemin. Mar as de klinkkleare rânestêdlike bejaarde Jan Dijkgraaf mei GeenPeil begjint, dan stiet Timo Jepkema tusken de goarre oan ferslachjouwers. Want Jan wennet yn Jistergea. De polityk is net bepalend, inkeld wêr’t dy hampelfritsen weikomme. Dijkgraaf is inkeld yn Jistergea wenjen gien, om't hy syn bern in Kameleonjeugd jaan wol. Grutter mislediging kinst Fryslân net jaan. Je lizze net ûnderstboppe fan dy 17 huzen yn Jistergea, mar om no daliks te sizzen dat fjildwachter Swart der noch omstrúnt is ek wer oerdreaun.
In stream partijen pakt de ferkiezingsstriid oan om harsels te profilearjen. De stimbiljetten wêrop we in rûntsje read fervje moatte, bin aanst tsjokker as de Volkskrante-op-sneon. As je sweefjende kiezer binne dan moat je dat hiele formulier troch; dan krije we wol hele lange rigen foar de stemburo’s. Alhoewol, der bin no miskien safolle te folle mooglikheden, dat net ien mear komt, en it CDA dus op slofkes wint.
Wy polderje net mear. As je in miening ha, gean je net yn diskusje, mar rjochtsje in eigen partij op. Wêrom sitte bejaarden of bisten net yn de eigen partijdiskusje. De Waadferiening is ek nea in politike partij wurden, mar de lju dy’t der lid fan wiene ha út alle macht binnen har eigen partij besocht it Waad goed op de kaart te krijen. Slagge. VVD en GrienLinks tinke itselde oer it Waad. Al is it ûnsin dat deputearre Kielstra no Waadjild foar in Iselmarslûs brûke wol. Mar de Waadferiening is klear, se kin harsels opdûke.
Krekt as doe’t de FNP linkendewei de fuotten ûnder it gat krige. Doe ha alle oare partijen yn panyk in moai haadstik oer it Frysk skreaun. Yn no time, om yn goed Frysk te praten, wie der in soad regele en stie de FNP wol mei in Frysk flachje te swaaien, mar fierder mei de bek fol tosken. Heine Keuning (PvdA) en Piet de Jager (CDA) rêden der fierder wol mei.
Ja, jim ha it goed heard. Ik sei net dat soks al klear is. De FNP kin ek noch net opdûkt wurde. Want mei grutte fernuvering kin je sjen dat it Frysk juridysk/polityk hielendal stâl krigen hat, mar dat it opbouwen dêrfan lykop gie mei it ôfbrekken fan it gebrûk fan it Frysk. As je no op de ynstjoerde stikken side sjogge yn de Ljouwerter, dan kom je der altyd wer minsken tsjin dy’t dat Frysk as in beswier fiele. Dat leit him net oan dy minsken, dat leit ‘m oan ús. Wy dogge net noflik mei immen dy’t it Frysk net ferstiet. We yntegrearje Syriërs better as Hollanners of Grinslanners. We sette dy taal op sa’n heech fuotstik, krekt as bin wy in aparte elite mei in eigen taal. In eigen krinkje, je bin wat mear as in oar. Krekt sa’t eartiids de Ljouwerters mei in eigen taaltsje har ferheven fielden boppe de Frysktalige plattelanners.
De FNP frege fan 'e wike om dúdlikens oer it Frysk. Dat freegje se oan Deputearre Steaten. No, dy bin hiel dúdlik. Dy fjochtsje har dea tsjin de belesting en plysjes om no ek mei te dwaan. Mar no wol de FNP witte wat it doel en de planning is fan it Fryske Taalplan. Dat is dochs dúdlik: mei syn allen sa gau mooglik yn in twatalige provinsje libje. Op in noflike wize. Mar dat wit de FNP dochs wol. Da’s freegjen nei de bekende wei. Mar je ferwachtsje fan de FNP dat dy no dat doel en tiidsplan opskriuwe en dêr dan ek echt wat oan dogge om de Fryske taal gewoan ûnderdiel út meitsje te litten fan de Fryske mienskip. Want dat is it wurd wêrûnder we yn 2018 it Frysk echt profilearje sille, nei bûten ta. Lit it dan ek sa wêze. Kom fan dat poadium ôf. Ferjit it wurd elitêr. It bestiet net iens yn it Frysk."