Petear mei Arriva oer bus nei Garyp nei petysje op skoalle

Wolter van der Maten, moandei by de wethâlder fan Tytsjerksteradiel © Gemeente Tytsjerksteradiel
De busferfier-petysje troch in learling fan it Beyers Naudégymnasium kriget in ferfolch. Freed sil der in petear wêze mei ferfiersmaatskippij Arriva.
Wolter van der Maten (17) helle op skoalle goed seishûndert hantekeningen op, omdat it busferfier nei syn wenplak Garyp werombrocht wurdt fan fiif nei twa kear yn de oere. Dat soarget net allinnich foar problemen foar Garipers, ek ynwenners fan Earnewâld en Aldegea kinne minder maklik yn Ljouwert komme. De nije tsjinstregeling giet op 11 desimber yn.
Van der Maten bea de hantekeningen moandei oan oan wethâlder Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel. Rypstra hat de soarch út de petysje oerbrocht oan deputearre Johannes Kramer. Dat hat no dus resultearre yn in petear mei Arriva, dat freed plakfynt.