Marrit Steenbergen útskeakele op 200 m frij op WK yn Kanada
Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde is tiisdei net troch de searjes kaam op de 200 meter frije slach by de WK koartebaan yn it Kanadeeske Windsor. De 16-jierrige Steenbergen swom mei 1.56,59 de santjinde tiid. Se swimt by de WK woansdei ek noch de 100 meter frije slach en tongersdei de 100 meter wikselslach.