Blog: Steaten op besite yn Brussel

De Provinsjale Steaten fan Fryslân binne dizze dagen wat minder goed te berikken as oars. It hele spul is nammentlik ûnderweis nei Brussel foar in offisjele besite. It doel fan de besite is dat de Steateleden leare en sjogge hoe't de Europeeske polityk wurket. Foar Fryslân is dat net ûnbelangryk, want de provinsje Fryslân wol besykje om takom jier mear subsydzjejild út Europa te heljen.
Foar OmropFryslân.nl is ferslachjouwer Onno Falkena mei de Steateleden meistjoerd om ús ris in blik efter de kûlizen te jaan op sa'n reis. Yn dizze blog lit er sjen wat de Steateleden no krekt dogge op sa'n 'skoalreiske'.
Dit blog wurdt de hiele dei troch bywurke.
De Steateleden kinne yn Ljouwert as De Jouwer opstappe foar harren reis nei Brussel. It giet om in delegaasje fan 45 manlju en froulju. Dit binne Steateleden, kommissaris Leemhuis, de deputearre Kielstra en ek in pear amtners en sjoernalisten. Mei oare wurden: in stevige delegaasje. It giet lykwols NET om allinnich in Fryske reis, mar om in kombinearre reis fan Fryslân én Drinte. Us buorlju út Grinslân sitte net yn de bus, want dy hawwe earder al in kear west.
Twa partijen ûntbrekke op de reis: de SP is út prinsipe tsijn 'fergeze reiskes', en de PVV-ôfsplitsing Fryske Frijheidspartij. De PVV, dy't oer't algemien EU-skeptysk is, is wol mei en sil - lykas alle oare steateleden - woansdei ek partijgenoaten treffe yn it Europeesk Parlemint.
Yn Brabân wurdt in kofjestop hâlden. De delegaasje krijt in lunchpakket mei om op dizze wize net tefolle tiid te ferliezen en wer rap ûnderweis te kinnen nei Brussel. Yn Gilze-Rijen hat ek de Drintske delegaasje har oansletten by de reis. Yn in kolonne mei twa bussen, ien Fryske, en ien Drintske, giet it fierder nei de Belgyske haadstêd. De earste halte is dêr de Nederlânske PV (permanente vertegenwoordiging), flakby it haadkantoar fan de Europeeske Kommisje. De Fryske en Drintske steateleden wurde dêr bypraat oer saken dy't op dit stuit spylje yn Europa.
Klaas Kielstra (net op de foto) is de Fryske Europa-deputearre. Hy kombinearret de wurkbesite fan de Steaten mei oare ôfspraken. Kielstra is noch op syk nei in Europeeske bydrage fan 16 miljoen oan de brede slûs yn de Ofslútdyk.
Net alle Steateleden binne lykwols sa pro-Europeesk as Klaas Kielstra. De PVV-fraksje neamt de jacht op Europeeske subsydzjes fan Klaas Kielstra 'it sinleas rûnpompen fan belestingjild'. Steatelid fan de PVV Harry Graansma is in echte euroskeptikus, mar dochs sit ek hy yn de bus nei Brussel.
De delegaasje út Noard-Nederlân is oankaam yn Brussel en wurde dêr tasprutsen troch Friezinne Tytsy Willemsma oer saken lykas lânbou, sirkulêre ekonomy en fûnsen.
De earste ynlieding fan kabinetssjef Robert Schröder fan Eurokommissaris Moedas giet oer sirkulêre ekonomy. Foar it stimulearjen fan en ûndersyk nei nije technologyen leit de kommende jierren mear as 600 miljoen euro klear. De oprop foar effisjint wetterbehear is noch iepen oant maart, foarstellen út de Noard-Nederlân binne tige wolkom.
Ek de Junckerjilden (European Fund for Strategic Investments EFSI) komme foarby, want it tal oanfragen út Nederlân falt oant no ta ôf. Probleem is hjir dat allinnich ridlik grutskalige projekten (80 miljoen of mear) foar stipe yn de beneaming komme. De steateleden harkje beleefd en stil.
Ambassadeur Pieter de Gooijer freget de Steateleden yn de eigen streek "fan Europa" te wêzen.
En dan is it ek tiid foar sjampanje en hapkes.
Taspraak fan Europarlemintariër Annie Schreijer fan it CDA.
Tusken mânske skeletten fan dinosauriërs wie it diner yn it Brusselske natuermuseum.
It selskip dinearde tiisdeitejûn op in bysûndere lokaasje: tusken mânske skeletten fan dinosauriërs yn it Brusselske natuermuseum, dat njonken it Europeesk Parlemint stiet. Tusken de gongen wiene der taspraken fan kommmissaris fan de kening Leemhuis en fan Europarlemintariër Annie Schreijer fan it CDA. Beide froulju fine dat der in soad redenen binne om wiis te wêzen mei Europa. Europa hat foar frede en wolfeart soarge. Yn dizze ûnwisse tiden moatte de Europeanen inoar fêsthâlde en net loslitte, sa sei frou Schreijer. Ek de Nederlânske ambassadeur by de Europeeske Uny, Pieter de Gooijer, die earder op de dei in oprop. Hy soe graach sjen dat de steateleden har no by thúskomt yn Fryslân as 'Europa-ambassadeur' opstelle. No't yn Nederlân sa negatyf praat wurdt oan Europa is dat hurd nedich, sa sei de ambassadeur.
Besjoch ús Europablog foar in ferslach fan de twadde dei fan de wurkbesite oan Brussel.