Wier kriget earste nachttún fan Fryslân

It doarpke Wier wol oan besikers in bysûnder nachtlibben sjen litte. Der wurde plannen makke foar de earste nachttún fan Fryslân. Mei de tún wol de stichting Freonen Terp en Tsjerke Wier minsken bewust de nacht belibje litte. De tún wurdt oanlein en ynrjochte yn gearwurking mei ûnder oare arsjitekt Nynke-Rixt Jukema.
Oerdeis sil de tún ek tagonklik wêze, mar nachts is er folle nijsgjirriger.
Flearmûzen en ûlen
Marcel Helderman is ien fan de inisjatyfnimmers fan de takomstige tún. Hy seit: "Als je een onbewolkte avond hebt en je ziet al die duizenden sterren, dan kun je voelen dat wij hier op onze planeet aarde een onderdeel daarvan zijn. En dat is heel indrukwekkend. Je ziet vleermuizen vliegen, uilen en steenmarters. We willen mensen de flora en fauna fan de nacht laten ontdekken in de vorm van dit unieke concept".
Stjerren sjen
Yn de tún wurdt it mooglik om mei in teleskoop nei de stjerren te sjen. De plannen foar de tún binne noch net hielendal úttocht, dus alle ideeën binne wolkom. De wurkgroep komt tongersdei byinoar yn de teätertsjerke fan Wier. Elkenien kin dan oanskowe.