Marit Bouwmeester docht mei oan wrâldbeker yn Australië

Marit Bouwmeester © Richard Langdon
Sylster Marit Bouwmeester docht fan tiisdei oant en mei snein mei oan de Sailing World Cup yn Melbourne yn Australië. Bouwmeester hat in útnûging krige fan World Sailing as Olympysk kampioene yn de laser-radial-klasse. Yn dy klasse dogge tweintich boaten mei. Mei-inoar wurde tsien races fearn. Snein is de ôfslutende medaljerace.