Dijkgraaf: demokrasy iepenbrekke

Jan Dijkgraaf fan Jistergea wol de demokrasy iepenbrekke. Dat sei er by de lansearring fan de nije politike partij GeenPeil. Neffens Dijkgraaf kinne de hjoeddeistige bestjoerders it gat tusken de boarger en de polityk net tichtsje. GeenPeil soe dat wol kinne sa fynt Dijkgraaf. De partij yntrodusearre de saneamde 'levende stemkastjes'. As GeenPeil by de kommende ferkiezings yn de Twadde Keamer komt moatte Keamerleden stimme wat leden fan de partij op ynternet foarlein wurdt.
Opfallend wie dat der gjin ferkiezingsprogramma presintearre waard en dat GeenPeil nea in koälysje foarmje sil mei in oare partij. Dijkgraaf heakke dêr oan ta dat se it "totaal verziekte systeem willen veranderen."
De gearkomste wie yn Amersfoort en waard folge troch tsientallen sjoernalisten. Belangstellenden koenen fuortendaliks lid wurde fan de nije partij. Jan Dijkgraaf wennet al 20 jier yn Fryslân.
Earder soarge de GeenPeil-beweging foar it referindum oer it hannelsferdrach mei Oekraïne. It regear hat noch neat dien mei de útkomsten fan dat referindum. Dêrom wol GeenPeil no in stap fierder gean troch sels yn de polityk te stappen.
Polityk ferslachjouwer Andries Bakker fan Omrop Fryslân tinkt net dat GeenPeil in soad sitten yn de Twadde Keamer feroverje sil. Jan Dijkgraaf hat neffens Bakker de útstrieling fan in strykizer. "Hy mei himsels yn 'e hannen knipe as er by de ferkiezings fan maart ek mar ien sit hellet." Dat seit polityk ferslachjouwer Andries Bakker oer de kandidaatstelling fan Jan Dijkgraaf as listlûker fan de nije partij GeenPeil.