Honk- en softbalferienings krije jild fan NOC*NSF

Honkbal © ANP
Goed nijs foar de Fryske honk- en softbalferienings. Sportkoepel NOC*NSF sil it kommende jier de sport finansjeel stypje. Dat is moandei bekend makke. De totale begrutting is 24,8 miljoen euro. Sân nije sporten krije jild en ien dêrfan is softbal foar froulju.
Neffens foarsitter Lisette van der Sanden fan de Northern Stars yn Ljouwert is dat tige goed nijs en in erkenning foar de sport. As der jild nei Ljouwert komt, soe se graach in trainer foar de froulju oanstelle want dy is der net. Ien fan de leden jout no de trainingen.
Der binne ek sporten dy't minder jild krije. Sa moat bygelyks it swimmen jild ynleverje.