Biologe: minder skol en kabbeljau yn 'waarme' Waadsee

Waadsee © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De fisksoarten skol en kabbeljau fine it wetter fan de Waadsee te waarm en sykje dêrom hieltyd mear oar wetter op. Dat docht bliken út fergelykjend ûndersyk yn it Dútske part fan de Waadsee yn de jierren 1972 en 2014. Der binne ek bisten dy't it waarmere wetter wol noflik fine, want de seetonge, strânkrabbe en swimkrabbe komme no folle mear foar as yn de foarige iuw.
Neffens in Dútske wittenskiplike publikaasje komme de ferskillen troch klimaatferoaring.
In Dútske seebiologe skriuwt oer de feroarings as gefolch fan it waarme wetter yn it tiidskrift Estuarine, Coastal and Shelf Science. It ûndersyk is útfierd yn de Jadebusen, in 160 kante kilometer grut wetter yn de Noardsee tusken de Dollard en de Weser. De Jadebusen jilde fanâlds as in kreamkeamer foar ferskate fisksoarten.