Manager De Kûpe op strjitte set nei radiopetear

Manager Dietha Paauw fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost is troch it bestjoer fan de Stichting Sportsintrum Achtkarspelen fuortendaliks nei hûs stjoerd. Yn in ferklearring seit Paauw dat it bestjoer fan miening is dat sy in negative ynfloed hawwe soe op de ferhâldingen tusken it bestjoer en it team.
Paauw ferklearre moandei yn radioprogramma Fryslân fan 'e moarn dat it personiel teloarsteld is yn it bestjoer. Meiwurkers hawwe it betrouwen yn it bestjoer opsein troch in ferskil fan ynsjoch oer de bedriuwsfiering.
Oanlieding fan de argewaasje is in plan foar in nije swimakkommodaasje. Paauw ropt it gemeentebestjoer op har ferantwurdlikheid te nimmen en dat der gau in oplossing komt.
De gemeente Achtkarspelen en it swimbadbestjoer geane tiisdei om tafel om oer it nije plan fan it bestjoer te praten. Under dit petear sille ek de aktuele problemen mei de meiwurkers oan 'e oarder komme. In earder plan fan it swimbadbestjoer waard ôfkard omdat de finânsjes net goed ûnderboud wiene.