Nije politike partij GeenPeil: Jan Dijkgraaf wurdt listlûker

Publisist Jan Dijkgraaf fan Jistergea wurdt de listlûker fan de nije politike partij fan GeenPeil. Dat stiet yn it  Algemeen Dagblad fan sneon. GeenPeil soe Dijkgraaf moandei as partijlieder lansearje. De politike beweging is bekend fan harren NEE by it referindum oer it Oekraïneferdrach. Dijkgraaf wie dêrby ien fan de pleitbesoargers fan de NEE-stimmen.
Op de webside fan GeenPeil wurde frijwilligers frege. Ek wurde der donaasjes frege foar de striid "voor een ander, beter en meer democratisch geluid".
Twa oare boechbylden fan it referindum, Jan Roos en Thierry Baudet, dogge elk mei in oare partij mei oan de Twadde Keamerferkiezingen yn maart takom jier. Roos is listlûker fan de partij VoorNederland (VNL) en Baudet hat it Forum voor Democratie oprjochte. As GeenPeil yn de Twadde Keamer komt, wol de partij neffens it AD elk belangryk útstel troch leden beoardielje litte.