''Provinsje moat organisaasjes oansprekke op taalbelied''

De provinsje Fryslân moat as in soarte fan ''taalskipper'' organisaasjes lykas gemeenten en it Wetterskip oansprekke op harren taalbelied. Dat seit minister Ronald Plasterk yn in brief oan de Twadde Keamer. Neffens de minister is de Fryske taal ''minder prominint'' oanwêzich by dizze ynstânsjes, wylst se der wol in wichtige rol yn hawwe.
Dy rol is fêstlein yn de Wet gebruik Friese Taal, dy't yn 2014 oannaam is. Dy wet moat de rol fan it Frysk yn it bestjoerlike ferkear fersterkje, mar benammen gemeenten dogge der noch te min oan.