"Fytsklûzen by Holwert binne wichtich foar leefberens"

De fytsklûzen oan de provinsjale dyk yn Holwert binne wichtich foar de leefberens yn Fryslân. Dat hat deputearre Johannes Kramer freed sein by de iepening fan de acht fytsklûzen. Neffens Kramer keapje minsken hieltyd faker in elektryske fyts, sadat se makliker te plak komme as mei de bus. Mar der binne noch net oeral oplaadstasjons. Yn de nije fytsklûzen yn Holwert kinne minsken har elektryske fyts oplade en feilich stalle.
Proef fan in jier
It giet foarearst om in proef. De bedoeling is dat in jier lang besjoen wurdt oft it foldocht. Op 7 desimber wurde der ek fytsklûzen pleatst yn Drachten. Reizgers dy't gebrûk meitsje wolle fan de fytsklûs kinne in app downloade op harren mobile tillefoan (foar Android of iPhone). As se by de klûs oankomme kinne se mei de app de klûs reservearje en iepenje. It kostet 10 eurosint de oere om de fyts te stallen, mei in maksimum fan 2 euro deis.