"Keapsnein De Fryske Marren hat knipperljochtbelied"

Winkelje op de Midstrjitte op De Jouwer © Google Streetview
De PvdA yn De Fryske Marren makket him soargen oer it 'knipperljochtbelied' fan de gemeente as it giet om de sneinsiepening foar winkels. Yn prinsipe moatte de doarren op snein ticht bliuwe, útsein yn it toeristeseizoen en om de feestdagen hinne. Dat betsjut dat der fjouwer kear yn it jier wat feroaret foar it winkeljend publyk en de winkellju. Dêrtroch is der gjin line yn it belied en dat is skealik foar de ûndernimmers, fynt de PvdA.
"Deze winkelsluitingsregeling is slecht voor de lokale economie, slecht voor de detaillisten en slecht voor de werkgelegenheid", seit fraksjefoarsitter Frans Westra. Hy stelt fragen oan it kolleezje en wol benammen witte wat de logika fan it belied is.