Kâns dat Schaars spilet: "61,5 persint"

It is noch net wis oft Stijn Schaars sneon meidwaan kin tsjin Go Ahead Eagles. De middenfjilder fan Hearrenfean hat de hiele wike, op tongersdei nei, meitraind. Freed trainde Schaars earst efkes apart fan de groep. Op de fraach hoe grut as Hearrenfeantrainer Jurgen Streppel de kâns achtet dat Shaars meidwaan kin, sei hy: "61,5 persint."
Shay Facey is de iennichste spiler dy't net fit is.