Earste peal fan nije krematoarium Aldehaske sit yn 'e grûn

De bou fan it nije krematoarium by Aldehaske is freed úteinset op it bedriuweterrein Haskerpoart. De earste peal gie middeis de grûn yn. De plannen fan útfeartbedriuw Van der Zwaag soargen earder al foar in soad wjerstân by ferskate omwenners. De lokaasje soe neffens harren net geskikt wêze en boppedat binne se benaud foar oerlêst. Neffens eigener Arnout de Jong sil dizze wjerstân der noch hieltiten wol wêze, mar hy tinkt dat it aanst, as it krematoarium der stiet, wol feroarje sil.
Miljeufreonlik
De opset fan it krematoarium is nammentlik dat it folsein grien wêze moat en miljeufreonlik. De Ried fan Steat gie earder al akkoart mei de komst fan it krematoarium, om't it yn harren optyk tafalle sil mei de oerlêst en der boppedat ek mear fraach komt nei kremaasjes. Minsken fine kremearjen goedkeaper as in grêf, om't je dat ûnderhâlde moatte. Dêrneist hawwe minsken ek hieltiten minder bining mei de omjouwing dêr't se wenje, sa tinkt ek De Jong fan it krematoarium.