Klok út Driezumer toer helle
Yn Driezum is moandei de klok út 'e toer weihelle. Dat waard dien mei in grutte kraan. De brûnzen liedklok is stikken en op guon plakken fersliten. Hy wurdt nei Dútslân brocht foar reparaasje. Dêr sit in spesjalisearre bedriuw dat de klok út de 16e ieu wer meitsje kin.
As it goed is, hinget de klok yn oktober wer teplak.