Bedriuw út Haulerwyk wint fan VW en Autoscout

De winners fan Datona © Datona
De webside datona.nl is tongersdeitejûn yn Amsterdam útroppen ta webside fan it jier yn de kategory auto. Datona BV sit yn Haulerwyk en is leveransier fan materiaal foar autogaraazjes en autowurkplakken, lykas autokrikken en motortakels. Datona naam it op tsjin websites as Auto Trader, Volkswagen en Autoscout. Sawat it folsleine team wie nei de útrikking yn Amsterdam takaam. ,,We binne tige grutsk'', seit Annemiek Holman fan Datona. ,,It Nederlânske publyk hat stimd en krekt dat makket de oerwinning fan dizze ferkiezing sa bysûnder."