Takomst soarchsintrum Spiker yn Ternaard bliuwt ûnwis
De wurkgroep Aldereinsoarch Ternaard wol ûndersykje oft de ûnderferdjipping fan wensoarchsintrum Spiker yn it doarp mooglik doch langer iepenbliuwe kin. Dêroer wol de wurkgroep oerlizze mei eigener Kwadrantgroep. Omdat dy de feiligens fan de boppeferdjipping net mear garandearje kin wurdt dy foar maaie takom jier sletten. Goed twahûndert minsken binne tongersdeitejûn ôfkommen op de ynformaasjejûn oer de takomst fan wensoarchsintrum Spiker yn Ternaard. Dy waard organisearre troch de wurkgroep Aldereinsoarch út it doarp.
Yn de kommende twa jier moat ek de rest fan de keamers leechmakke wurde, wylst it doarp hiel graach in wensoarchsintrum hâlde wol. Neffens Jan Keegstra fan de wurkgroep Aldereinsoarch Ternaard moat der no besjoen wurde hokker takomst de soarch yn Ternaard hat. ''Wy moatte mei-inoar de mooglikheden ûndersykje'', sa seit er.
Skande foar bewenners en meiwurkers
''Oant twa jier lyn wienen der noch sa'n santich bewenners yn Spiker'', neffens Keegstra. ''Op it stuit binne dêr noch ûngefear fjirtich fan oer. Der wurkje in soad minsken en der binne op deistige basis frijwilligers aktyf. It soe skande wêze as sy harren wurk ferlieze.''
Eangst foar leechstân
Net allinne foar de bewenners en de meiwurkers is it skande as it sintrum folslein ferdwynt. ''Spiker is in grut gebou en stiet op it grut stik lân. Wat moat dêrmei barre as it kompleks tichtgiet? Wy moatte besykje om leechstân foar te kommen.''