Skoalle Winaam stiet faai

De takomst fan 'e EP de Boerskoalle yn Winaam is ûnwis. Op 1 oktober moatte der 43 bern op de basisskoalle sitte. Sa't it no liket, wurdt dat tal net helle. Dat betsjut dat de jildkraan tichtgiet. Dat soe de ein betsjutte kinne fan 'e skoalle.
De skoalle yn Winaam hat noch mear soargen. Ferline jier desimber is de skoale as 'tige swak' omskreaun troch de ynspeksje. Op 11 juny komt de ynspeksje mei in nij rapport.