Al 500 nammesuggestjes foar fúzjegemeente Noardeast-Fryslân

It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum © Omrop Fryslân
De oprop om in nije namme te betinken foar de gemeente dy't ûntstiet nei de fúzje fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân, hat oant no ta al 500 suggestjes opsmiten. Dat oertreft de ferwachtingen. Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân, dy't foarsitter is fan de kommisje nammejouwing, is der wakker wiis mei. It jout oan dat de nije gemeentenamme libbet, seit er.
Minsken ha noch twa wiken de tiid om mei in namme te kommen. Uteinlik meie ynwenners fan de fúzjegemeente kieze út trije foarstellen.