Oerlis oer fersekering bûgels smyt neat op

© ANP
Soarchfersekerder De Friesland past syn fersekeringsbetingsten foar bûgelbehannelingen net oan. Ortodontisten hiene dêr op oantrune, omdat âlden fan bern dy't ferlet ha fan in bûgel mei yngong fan jannewaris dêr sels mear oan meibetelje moatte.
De bûgeltoskedokters binne benaud dat minsken dêr te let achter komme en pleitsje foar in oergongsregeling. Beide partijen ha dêr yntusken mei-elkoar oer om tafel sitten, mar dat oerlis hat neat opsmiten.
Sels betelje
De Friesland fergoedet fan jannewaris ôf allinnich noch de kosten foar in bûgel as minsken de djoerste oanfoljende fersekering ha. En de fergoeding hat ek in maksimum. As de kosten foar in bûgel dêr oerhinne gean, moatte minsken it fierder sels betelje.
De Friesland hat dy maatregel naam omdat de fersekerder grut ferlies makket op de oanfoljende fersekering. Net allinne ortodonsy is út it oanfoljende pakket helle, dat jildt ek foar oare behannelingen dy't earder wol fergoede waarden.
Djoere oergongsregeling
Dat De Friesland en de ortodontisten net tichter byelkoar kaam binne, komt neffens in wurdfierder fan de fersekerder trochdat in oergongsregeling te djoer wurde soe. De poalissen hiene dan oanpast wurde moatten en wer nei de klanten stjoerd wurde moatten. Dat kostet in soad jild.
Kollektive soarchfersekering
De Friesland seit dat der foar minsken mei in smelle beurs wol mooglikheden binne om kosten fergoede te krijen. Der binne bygelyks gemeenten dy't in kollektive soarchfersekering oanbiede, mei spesjaal omtinken foar minsken mei in leech ynkommen.