Rappe feartsjinst fan Holwert nei It Amelân
In rappe boat dy't yn 20 minuten fan Holwert nei It Amelân fart. It is ien fan de útstellen fan de stjoergroep dy't him bûgde oer oplossingen foar de fertragingen fan de fearboat. Neist de flugge ferbining foar eilanners en forinzen, soe it ôfsnijen fan in bocht in tiidwinst fan 4 minuten en minder baggerwurk opleverje moatte.
Boppedat wurdt de tsjinstregeling sa oanpast dat fertragingen net trochwurkje yn de folgjende tsjinst en wurdt der sjoen nei it ferbetterjen fan it yn- en útladen fan de fearboat.
70 persint minder fertragingen
De nije flugge boaten moatte noch oanskaft wurde. Dat docht ferfierder Wagenborg sels, sa is it plan. It is de bedoeling dat de flugge boaten begjin 2017 al yn ynset wurde. Ek de nije tsjinstregeling soe begjin 2017 yngean moatte. De baggerwurksumheden soene yn 2019 úteinsette, sa is it plan.
De oplossingen soene takom jier in kwart minder fertragingen opsmite moatte. It doel is om yn 2019 minimaal 70 persint minder fertragingen te hawwen.
It advys fan de stjoergroep wurdt no foarlein oan minister Melanie Schultz fan ferkear, de Twadde Keamer en de gemeente It Amelân. Jierliks wurde 1,43 miljoen minsken ferfierd. Yn 2015 hie in tredde fan de ôffearten te krijen mei langere fertragingen.