Zienn moat hieltyd faker minsken wegerje yn de opfang

Opfangorganisaasje Zienn moat hieltyd faker betize minsken opfang wegerje, fanwegen de feilichheid fan personiel en minsken dy't opfongen wurde. Minsken dy't yn 'e war binne, soargje faak foar problemen binnen it gebou. Zienn hat gjin mankrêft en ekspertize om dizze minsken op te fangen.
Betize minsken krije dus gjin bêd oanbean, ek al is dêr no mei de kjeld de winterregeling fan krêft en binne der ekstra bêden beskikber om dakleazen op te fangen. Yn Ljouwert binne der tydlik tolve sliepplakken ekstra
Yn it Sociaal Pension yn Snits is in needkeamer beskikber foar dakleazen. Zienn seit dat it om inkelde minsken giet dy't gjin opfang krije. Mei harren is ek praat en útlein wêrom't se gjin tagong krije ta de opfang. Zienn wurket gear mei wykaginten en it sosjaal domein om dizze minsken yn 'e gaten te hâlden.