Van der Bos kening yn St. Anne

© Foto Henk Bootsma
It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat snein de frije formaasjepartij yn St. Anne wûn. Yn de finale waard oertsjûgjend mei 5-1 en 6-2 wûn fan Johan van der Meulen, Karel Nijman en Folkert van der Wei.
De lytse premy wie foar Martijn Olijnsma, Hijlke Bruinsma en Marten Feenstra. Gert-Anne van der Bos waard mei algemiene stimmen útroppen ta kening.